Well Done

 

 

1.    Tûzen Tinzen 

2.    I'll be True

3.    De Moaiste Tiid 

4.    Rjocht 

5.    Russia!

6.    Dream 

7.    Dut Stikky Lând 

8.    De Moaiste Tiid - instrumentaal 

9.    It Allerheechste Guod 

10.  What's forever for 

 

1.    Tûzen Tinzen 

Al dy jieren, moannen, alle dagen, einleas lange nachten

Hieltyd dy pine, it gemis, al myn trienen, tûzenenien gedachten

Nea tocht dat it ea wer dei wurde koe

Nea tocht dat de sinne foar my wer skine soe

 

Al dy fragen, sûnder antwurd, in ferhope takomst ut it libben slein

Stille tochten, wytte ballonnen, safolle minsken jins rie te’ n ein

Nea tocht dat it ea wer dei wurde koe

Nea tocht dat de sinne foar my wer skine soe

 

Mar earne efter dit tsjuster

Wer elkenien tsjin fjocht

Der is dochs binlikens

Der is dochs it ljocht

 

2.    I'll be True

You look good woman every man will go for you

You got everything and you know how to use it to

Take you any place in town, until you put me down

But I’ll be true, baby to you

CHORUS:         I’ll be true baby to you, I’ll do anything you wish me to do

                 People live in fun and play, while we must toil every day

                 But I’ll be true, baby to you

Looks like I live from day to day

Something is always in my way

If I loose it would hurt so bad, you’re the only love I had

Yes I’ll be true, baby to you

CHORUS

SOLO (chorus)

Please look at me and can’t you see

You’re the only thing that’s left for me

If I loose it would hurt so bad, make me laugh don’t make me sad

And I’ll be true, my baby to you

CHORUS

SOLO (chorus)

CHORUS

 

3.    De Moaiste Tiid 

It doarp is efkes net fan ūs, en it is noch net foarby

De simmer jout noch gjin belies, hjir fielt men harren frij

De ien kin fuort, de oar bliuwt thūs, en is foar fremd yn’t spier

Ek al is’t dan drok foar mannich Fries, mar ‘t is de moaiste tiid fan ‘t jier

  

En as de dei dan koarter wurd, is elk sa wer te plak

Lang gjin nachtlik roppen , hear, de rêst krijt syn gerak

Mar bliuwt in winter sûnder sturt, en jout it iis net mear fertier

Dan sjochst al gau it langstme wer, nei de moaiste tiid fan’t jier

 

It doarp is efkes net fan ūs, en it is noch net foarby

De simmer jout noch gjin belies, hjir fielt men harren frij

De ien kin fuort, de oar bliuwt thūs, en is foar fremd yn’t spier

Ek al is’t dan drok foar mannich Fries, mar ‘t is de moaiste tiid fan ‘t jier

SOLO (als couplet)

UITTRO

 

4.    Rjocht 

It is in tsjustere winternacht

Hy rint doelleas rûn, gjin minsk’ dy’t wacht

De wyn dy jeit, it is glûpende kâld

Mar it is dit waar der’t er fan hâld

Ferstopje yn’ e nacht, dat is syn inkeld doel

Hy kin gjin deiljocht mear ferneare, gjin waarmte, gjin leafde, gjin gefoel

 

Oait wie er striidfeardich, fertelde elk syn ferhaal

Syn sosjalistysk ideaal

Doe’t der in foarbyld steld waard, wie hy fertochte nûmer ien

12 jier opsluting wie syn straf..........mar hy hie neat dien

             TUSSENSPEL:      

Te wetter en brea sa’n drege tiid

Gefoel fan eigenwearde wie er kwyt

Hy is brutsen, dat is wat men woe

Harren wil oanpresst safier’t koe

Hy is no frij man, mar sûnder libbenssin

Hy sil se krije, skea dwaan, straffe oeral en altyd wêr’t it kin

 

De haat regeart syn tinken, wraak dat is syn doel

Gjin gewisse, gjin gefoel

Each om each, tosk om tosk dat is wêr’t ‘r foar fjocht

Hy sjocht dit als syn nije ideaal.............mar wat is no rjocht

 

5.    Russia!

It like ús wol aardich ta, nei Ruslân op toernee

It lân fan peristroika, en fan de KGB

Mar Moskou is in grutte stêd, en roebels binne djoer

Earst spylje en dan pas op bêd, it iis sloech om yn fjoer

REFREIN:    It Kremlin dûnse op har fûneminten, it Reade Plein sprong einlings út har bân

             Dat bin’ foar ús bysûndere mominten, mar bring in Rus dat mar-ris oant ferstân

Elk minsk hat fan muzyk ferlet, fan Beatles, Bach of Stones

Mar ach, se hiene nea noch heard, fan Bacon noch fan Bones

REFREIN:   It Kremlin dûnse op har fûneminten, it Reade Plein sprong einlings út har bân

            Dat bin’ foar ús bysûndere mominten, mar bring in Rus dat mar-ris oant ferstân

            Mar bring in Rus dat mar-ris oant ferstân

TUSSENSPEL

REFREIN:    It Kremlin dûnse op har fûneminten

             It Reade Plein sprong einlings út har bân

             Dat bin’ foar ús bysûndere mominten

             Mar bring in Rus dat mar-ris oant ferstân

CODA:       De tiid hâld ek bij ús gjin skoft, nostrovje op ’t Heitelân.....hoi!

 

6.    Dream 

    Waiting all my life for someone like you.

    From the day we met, I feel like someone new.

    We have so much in common, I wonder it can be.

    Never knew such a friend, you are the world to me

     

        Chorus:       Grab a beer and take a smoke.

                    Listen to the music that sounds from the masterblaster.

                    I know the truth, in our minds we'll be free.

                    Kiss me and whisper those sweet words to me

 

   All the things we went through, it means so much to me.

    It has to stay inside, for no one else to see.

    Dream about our future, high mountains we can climb.

    Talking 'bout those wide views, we're spending our time

 

        Chorus:       Grab a beer and take a smoke.

                    Listen to the music that sounds from the masterblaster.

                    I know the truth, in our minds we'll be free.

                    Kiss me and whisper those sweet words to me

 

7.    Dut Stikky Lând 

Rônd 1400 noemde men, dut lând al ’t Bildt

Kapers op ‘e kust, de grônd waar gewild

Friezen, Hollanders, de Spanjaard, een keiharde striid

Ferdeling fan grônd, waar ‘n kwessy fan tiid

 

Ferset teugen man en water gong eeuwenlang deur

‘t Bildt worde ompart, de tiid trok syn spoor

In 1505, hoe je ’t ok kere of wendt

waar ‘t aindlik soa feer, ôns Bildt worde erkind

REFREIN Dut stikky lând fan Oast ant West,

dêr wil ik weze, dêr foel ik mij best

Hier bij de Wadden, út slik en út silt ,

fier met ôns dut fesy, 500 jaar ’t Bildt

fier met ôns dut fesy, 500 jaar ’t Bildt

De diken ferrezen, swaar werk met ‘e hând

Wat is’t worren, ‘t is myn stikky lând

De wiidshyd, de irpels, ‘t fee in ‘e waai

hier foel ik mij goed, dut blyft echt myn klaai

REFREIN Dut stikky lând fan Oast ant West,

dêr wil ik weze, dêr foel ik mij best

Hier bij de Wadden, út slik en út silt,

fier met ôns dut fesy, 500 jaar ’t Bildt

fier met ôns dut fesy, 500 jaar ’t Bildt

De wiidshyd, de Wadden, út slik en út silt

Dut blyft echt myn klaai, we binne trots op ‘t Bildt

 

8.    De Moaiste Tiid - instrumentaal 

 

9.    It Allerheechste Guod 

It is fyftjenhũndert fyftjen, in stoarm raast oer ’t lān

In reade gloed ferblinet him, syn pleats stiet yn ’e brān

Pier Gerlofsz, boer fan Kimswert, banditen sloegen ta

Plonderje, rōve alles leech, de frijheidspriis wie heech

 

Wat dizze binde losmakke hie, se wisten noch fan nea

In frijheidsstrider wie opstien, soe har ferfolgje ta de dea

Saksers en Bourgondiërs se waarden smoard yn bloed

In gewoane boer waard grut strateech, mar de frijheidspriis wie heech

 

REFREIN:  Donk’re dagen pine en eangst de flikkering fan ’t swurd

           De priis fan frijheid djoer betelle, de striid wie wreed en hurd

           Mar, wat hat it brocht, de boadskip bliuwt ús by

           It is it allerheechste guod, te sizzen “ik bin frij”

 

Sa is hjir ieuwen fochten foar it rjocht foar elkenien

De skiednis bliuwt ús by, it is úthoud yn in stien

Bũgje foar in twingboal dat woe dit folk wier nea

Nea beslute slaaf te wēzen, dan mar leaver dea

  

REFREIN:  Donk’re dagen pine en eangst de flikkering fan ’t swurd

           De priis fan frijheid djoer betelle, de striid wie wreed en hurd

           Mar, wat hat it brocht, de boadskip bliuwt ús by

           It is it allerheechste guod, te sizzen “ik bin frij”

 

10.  What's forever for 

Standing on the crossroads of life

You’ve made up your mind, you’ve made up your mind

Knowing the right thing to do

But truth is always hard to find

 

I knew this moment had to come

Nowwhere to run, nowhere to hied

But all I know right now

A big part of me just died

 

CHORUS:    Nothing’s gonna last forever

             Feeling sad, feeling sore

             Nothing’s gonna last forever

             What’s forever for

             What’s forever for

 

There is no right and no wrong

No day after, no day before

Only a desperate feeling

To hold you just once more, to hold you just once more

 

CHORUS:    Nothing’s gonna last forever

             Feeling sad, feeling sore

             Nothing’s gonna last forever

             What’s forever for

             What’s forever for